Ekstra besuniging Skarsterlân

16 sep 2009 - 18:07

De gemeente Skarsterlân moat nochris ien miljoen euro ekstra besunigje. Dat bedrach komt boppe op in besuniging fan 1,7 miljoen euro dy't earder al oankundige is.

Ynwenners sille fernimme dat de gemeente jildkrapte hat. De ûnreplik guod belesting giet takom jier mei ien persint omheech. Ek is der minder jild foar it grienûnderhâld. Ek sil kritysk sjoen wurde nei subsydzjes fan ynstellings as de biblioteek en it jeugdwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)