Lieuwe Westra: krekt net

16 sep 2009 - 18:00

Lieuwe Westra hat yn de 17e etappe fan de Ronde fan Spanje de hiele dei foarút riden yn in kopgroep fan fiif man. Nei seis kilometer sette de hurdfytser fan Mûnein oan en hy krige fjouwer man mei. Dêr siet ek Martijn Maaskant by.

De etappe oer krapoan 194 kilometer soe foar fjouwer fan de fiif krekt ien kilometer te lang duorje. Doe kaam it peloton deroan daverjen. De Frânsman Anthony Roux wie de tûkste en sterkste fan de kopgroep, hy hie twa meter oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)