Mear publyk by Flyers

16 sep 2009 - 16:47
  • Flyers ferkeapje mear seizoenskaarten (foto: Martin de Jong)

Iishockeyklup Hajé Flyers hat in rekôr oantal seizoenskaarten ferkocht. Yn ferliking mei oare jierren hat de ploech fan It Hearrenfean tsientallen kaarten mear ferkocht as oars.

Neffens foarsitter Micola komt dat trochdat de fans dit jier spektakel ferwachtsje kinne troch in tal goede oankeapen. De ploech makke fierder bekend dat âld-keeper Marcel Nijland oan de slach sil as keeperstrainer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)