Toering folget Benedictus op
FNP-steatelid Annigje Toering is woansdei keazen ta fise-foarsitter fan Provinsjale Steaten. CDA, PvdA, Christenunie en FNP droegen har foar as opfolger fan CDA'er Geart Benedictus, dy't ôfskie naam fan de Steten.
Benedictus stapt foar de partij oer nei de Earste Keamer. Annigje Toering is sûnt 2003 steatelid foar de FNP.