HLM op De Jouwer fallyt

16 sep 2009 - 14:11
  • Karrosserybedriuw HLM is fallyt

It karrosserybedriuw HLM fan De Jouwer is tiisdei troch de rjochtbank fallyt ferklearre. It bedriuw hat in skuld fan rûchwei 12 miljoen euro. Der wurkje noch 17 minsken. HLM makket lichtgewicht opbouwen foar kuoltransporten. Troch de krisis is de fraach nei dizze produkten ynsakke.

Begjin dit jier wurken der noch 55 minsken by HLM. Yn de gloarjetiid wurken der 75 minsken. De kurator besjocht de mooglikheden fan in trochstart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)