Mear jild nei Fryske diken

16 sep 2009 - 13:54

Twadde-Keamerlid Van Geel (CDA) wol de rotonde by De Jouwer op de list ha mei krisisprojekten. Op dy list steane projekten dêr't it kabinet jild yn stekt om de ekonomy mei te ferbetterjen. Neist de rotonde by de Jouwer soe neffens Van Geel ek it ferbetterjen fan de sneldyk by Harns op de list moatte.

De fraksjefoarsitter fan it CDA die syn útspraken woanadei by it debat yn de Twadde Keamer oer de ryksbegrutting fan takom jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)