Drachten wol Olympysk bad

Drachten wol in nij Olympysk swimbad bouwe. Dat bad moat swimbad De Welle ferfange. Dêr soe in 50 meterbad komme moatte en tribunes.
Sportbedriuw Drachten lit de kosten ûndersykje. Dat sil om tsientallen miljoenen euro's gean. Renovaasje fan it hjoeddeistige swimbad kostet 12 miljoen euro en moat betelle wurde troch de gemeente Smellingerlan. De ambisjeuze nijbou soe mooglik rekkenje kinne op oare subsydzjejouwers, lykas NOC-NSF en de provinsje.