Reaksje tsjin bou huzen Wier

16 sep 2009 - 10:22

Der is ien reaksje kommen op it plan om sân hûzen te bouwen yn Wier. Ien omwenner fynt dat de hûzen syn útsjoch bedjerre en tinkt dat syn hûs aanst minder jild wurdich is.

Yn Wier komme twa blokjes mei twa-ûnder-ien-kappers en ien blok mei trije hûzen. It doarp hat dêr sels om frege, omdat der ferlet is fan wenromte en omdat it plak dêr't dy hûzen komme oan in opknapbeurt ta is. De gemeenteried fan Menameradiel praat tongersdei oer it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)