Garânsjeregeling foar MKB

16 sep 2009 - 10:17

Banken en oerheden yn it Noarden moatte lieningen oan it bedriuwslibben makliker meitsje. Dat fynt direkteur Jansen fan de Keamer fan Keaphannel.

Dat kin troch in garânsjeregeling wêrby't oerheden of oare ynstellings garant steane foar in bankliening oan in bedriuw. It kabinet hat dêrfoar yn de Miljoenenota ekstra jild foar tasein, mar yn de praktyk makket it midden- en lytsbedriuw der amper gebrûk fan. De KvK wol dêrom in eigen Noardlike regeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)