Sikehûs tsjin plan fan it ryk

Aksje fan sikehûzen tsjin plannen miljoenenota
Soarchgroep Noorderbreedte fan sikehûs MCL yn Ljouwert komt yn aksje tsjin plannen yn de Miljoenenota fan it regear. Sikehûzen krije net mear betelle foar minsken dy't har melde by de earste help, wylst se eins by de húsdokter wêze moatte.
Mar neffens foarsitter Wander Blaauw fan de rie fan bestjoer fan Noorderbreedte litte minsken har net fuortstjoere. Neffens him is de maatregel net út te fieren. Se wolle mei minister Klink prate.