Rûzje oer rotonderiden

16 sep 2009 - 10:00

In bussjauffeur út Swifterbant seit dat hy tiisdeitejûn mishannele is troch in automobilist by De Jouwer. De Jouster (44) soe de sjauffeur skopt hawwe en soe ek ek tsjin de bus skopt ha.

Flak dêrfoar wie de automobilist de rotonde opriden. De bus soe snien wêze. De bussjauffeur begong doe mei syn ljochten te knipperjen. Efkes letter twong de Jouster de bus om stil te stean en krigen de beide manlju wurden. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)