Parkearaksje yn Ljouwert

16 sep 2009 - 07:05

Wa't de kommende tiid de auto delset yn in garaazjes yn it sintrum fan Ljouwert, krijt op fertoan fan it kaartsje koarting by tritich winkels. De gemeente en de winkels komme mei dy aksje om mear minsken nei it sintrum te lûken. Ek moatte de parkearkelders bekender wurde.

De kelders litte fanwege de aksje minsken in kear fergees parkearje neidat se twa kear betelle parkearre ha. De aksje begjint freed en duorret oant heal novimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)