Langere weinen by Portena

Portena sil mei langere kombinaasjes ride
Transportbedriuw Portena Logistiek fan It Hearrenfean docht in diel fan it ferfier tenei mei langere frachtweinkombinaasjes. It bedriuw kiest dêrfoar om ritten nei it suden fan it lân wer rendabel te meitsjen. Troch de drokte op de diken en de rydtidewet slagget dat mei de gewoane kombinaasjes net mear.
It doel is de kombinaasjes twa kear sa lang te meitsjen en dêr nachts mei te riden. Portena kiest foar de langere frachtweinen nei in proef.