Fergees hûnestrontpûdsjes

Ljouwerters krije fergees biologysk ôfbrekbere hûnestrontpûdsjes
Ynwenners fan de Ljouwerter wiken Huzum-West en It Fliet krije de kommende wiken fergees hûnestrontpûdsjes. It giet om biologysk ôfbrekbere pûdsjes.
Se krije de pûdsjes fan de gemeente Ljouwert. Dy dielt se út om't yn dy wiken koartlyn hûnestrontbakken delsetten binne dy't ûnder de grûn stean en oansletten binne op it rioel. Ljouwert hopet mei de proef dat minsken mei in hûn de stront better opromje en dat de wiken skjin bliuwe.