Del Potro die mei oan Windmill

© Omrop Fryslân
De 20-jierrige Juan Martin del Potro út Argentinië hat moandeitenacht de US Open wûn. Hedwig de Roos fan Oentsjerk seach raar op doe't se it nijs hearde. Want se hat de winner fan de US Open yn 2002 in wike lang útfanhûs hân. De doe 13-jierrige Argentijn die mei oan de Ljouwter Windmill Cup.
Wat Hedwig har foaral noch goed herinneret is dat Del Potro yn de finale ferlear en bot gûle moast fan teloarstelling. Moandeitenacht liet de Argentijn triennen fan bliidskip.