Mear stipe bou nedich

© Omrop Fryslân
De begrutting fan it kabinet is ferstannich, mar der is mear stipe foar de bou nedich. Dat fynt wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW yn reaksje op de miljoenenota, dy't it kabinet tiisdei presintearre hat.
De regearing moat trochgean mei it ferlienen fan kredyt oan bedriuwen yn it midden- en lytsbedriuw. It Ryk is dat al fan plan, mar ek de provinsjes soene oanfoljende lienings jaan moatte oan de Noardlike Untwikkelingsmaatskippij, de NOM.