Crone net ûntefreden

Crone warskôget foar de langere termyn
It kabinet besuniget foarearst noch net folle en der komt sels ekstra jild los. Dat is goed foar it opknappen fan it sintrum fan Ljouwert en de komst fan de Heak om Ljouwert. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert yn in earste reaksje op de ryksplannen dy't dizze Prinsjesdag bekend waarden.
Crone hat wol noed oer de swiere besunigings dy't der op wat langere termyn oan sitte te kommen. Dat moat besteande foarsjennings yn ûnderwiis en ynfrastruktuer net oantaaste.