Skeel Fryske delegaasje bylein

15 sep 2009 - 12:18

Kommissaris Jorritsma en minister Ter Horst fan Binnenlânske Saken hawwe har skeel oer de reis nei New York bylein. De minister wie stroffele oer de omfang fan de Fryske delegaasje nei New York by it 400-jierrich jubileum fan de freonskipsbân mei de stêd.

Ter Horst hat sein dat se allinne oanjaan woe dat de delegaasje yn dizze tiid fan resesje net grutter wurde moast as strikt needsaaklik. Jorritsma ûntkent dat er him krinkend oer de minister útlitten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)