RTV Noord en CNN fan kabel

© Omrop Fryslân
RTV Noord en CNN ferdwine yn Noardeast-Fryslân fan de kabel. It bedriuw Kabel Noord feroaret de frekwinsjes fan alle televyzjestjoerders fanwege romtegebrek op de kabel. De feroaring giet op 20 oktober yn. Alle abonnees moatte dan de kanalen op 'e nij ynstelle. Foaral by âldere televyzjes is dat noch in hiele toer.
Kabel Noord sil minsken yn fersoargingshuzen fergees helpe om de stjoerders op 'e nij yn te stellen. Oaren moatte foar help betelje.