Omset fiskôfslach sakket

15 sep 2009 - 11:22

De omset fan de fiskôfslach Harns en Urk rint oer it earste healjier 15 miljoen euro achter op ferline jier. As der yn it tredde kwartaal gjin bettere sifers binne, moatte der minsken út. Dat is ferline jier ek al bard. Oarsaak is foaral de lege prizen foar skol. Dy hawwe yn 17 jier net sa leech west. Prizen foar oare fisksoarten binne ek leech en kinne de weromfal yn omset net kompensearje. Allinnich foar de tong wurdt wer wat mear betelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)