Soargen PvdA oer gastâlders

15 sep 2009 - 10:22

De riedsfraksje fan de PvdA yn Achtkarspelen is benaud dat it tal gastâlders bot weromtint troch de strangere regels fan steatssekretaris Dijksma. De partij hat har dêrom in brief skreaun mei it fersyk om nochris goed nei te tinken oer har plannen.

De steatssekretaris easket fan gastâlders dy't ferbûn binne oan in berne-opfangsintrum, dat se it diploma helje fan de MBO-oplieding foar gastâlder. Dy oplieding kostet tûzen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)