Ynbrutsen yn Grou
Yn twa loadsen by in bedriuw oan 'e Singel yn Grou is ynbrutsen. De ynbraak waard moandeitemoarn troch meiwurkers ûntdutsen. De dieven kamen deryn troch in rút te fernielen. Ut de loadsen namen se twa bûtenboarmotoaren en kompjûter-apparatuer mei.
De technyske resjerzje docht spoare-ûndersyk.