Wikseljend súkses Frysk silen

© Omrop Fryslân
Finn-siler Pieter-Jan Postma stiet nei de earste dei fan de lêste wrâldbekerwedstriden op it Olympyske wetter by Weymmouth yn Súd-Ingelân op it fiifde plak. Postma waard in kear alfde en in kear earste. Brechtje van der Werf wûn mei Renee Groeneveld en Annemieke Bes twa fan de trije wedstriden by it matchracen.
Marit Bouwmeester hie op de earste dei tsjinslach. Troch it ôfbrekken fan in blok koe se net meidwaan oan de twadde race. Yn 'e earste waard se santjinde.