Net besunigje op plattelân

© Omrop Fryslân
De sifers oer de nije begrutting fan it Ryk wurde tiisdeitemiddei offisjeel pas iepenbier, mar no al is dúdlik dat der in soad besunige wurde moat. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma fan Fryslân ûnderskriuwt de needsaak fan besunigjen.
Mar wêr't neffens him net op besunige wurde moat, is de ûntwikkeling fan it plattelân. Dat moat foaral trochgean om foar te kommen dat der hieltiten minder minsken wenje wolle.