Wer ferlies jong H'fean/Emmen

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean/Emmen hat moandeitejûn ek de tredde wedstriid yn de beloftekompetysje ferlern. Yn Tilburch wie jong Willem II de gelokkichste ploech mei it iennichste doelpunt yn de 58ste minút fan Ratko Vansimpsen.
Yn de earte helte krigen beide ploegen amper kânsen. Nei de 1-0 foar de thúsploech besochten de Feansters fan alles, mar fierder as in bûtenspulgoal fan Tarik Elyounoussi kaam it net.