Undersyk aksje Dingsdag

Dingsdag ferlit it fjild nei in reade kaart (foto: Martin de Jong)
Der komt in ûndersyk nei it gedrach fan Michael Dingsdag by de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin Grins. De Hearrenfeanferdigener makke in slaande beweging nei syn tsjinstanner Matavz. Fan de KNVB krige er al in wedstriid skorsing omdat er fanwege twa kear giel it fjild útstjoerd waard. Mar it slaan wie net goed sjoen.
De oanklager fan 'e KNVB sil de televyzjebylden no bestudearje. Op basis dêrfan beslút er oft Dingsdag noch langer skorst wurdt of net.