'Jonge Friezen Foarút' begûn

Dizze jonge Ferwerters wolle oer in pear jier graach nei de stêd ferhúzje
Hieltyd mear Fryske jongerein kiest derfoar om nei harren stúdzje yn Ljouwert of Grins te bliuwen en net werom te ferhúzjen nei it eigen doarp. En dat jout op termyn grutte problemen op it plattelân. It projekt 'Jonge Friezen Foarút' fan provinsje, NHL en Van Hall wol dêr wat oan dwaan.
De kommende moannen wurdt jongeren en bern frege wat sy fan it plattelân fine en wat der feroare wurde moatte soe. It is foar it earst dat skoalbern dêroer harren miening jaan kinne,