Hark. Boys-Feyenoord ferskood

De Harkemase Boys moatte ien dei langer wachtsje op Feyenoord
De bekerwedstriid tusken Harkemase Boys en Feyenoord is ferpleatst nei tongersdei 24 septimber om 17.00 oere. De wedstriid soe in dei earder spile wurde op Sportpark De Bosk, mar op dy tiid spilet ek De Jouwer tsjin FC Twente.
De plysje is bang dat de supporters fan de beide betelle fuotbalploegen inoar treffe wolle. Mei yn de achterholle it supportersgeweld yn maart 1997 tusken Ajax en Feyenoord by Beverwijk, is dit beslút nommen.