Bloedbank slút 6 lokaasjes

14 sep 2009 - 15:15

Bloedbank Sanquin slút seis lytse lokaasjes yn Fryslân. It giet om ôfnamepunten yn skoallen, tsjerken en doarpshuzen. Neffens Sanquin wurdt it hieltyd dreger om dêr te foldwaan oan strange hygiëne- en brânfeiligens-easken.

Sanquin seit no de hier op fan 'e plakken yn Balk, De Gordyk, Koudum, Kollum, Burgum en op It Amelân. De sluting makket diel út fan in reorganisaasje yn hiel Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)