Omrinbaas foar enkêtekommisje

14 sep 2009 - 14:12

Yn Amsterdam moast moandei Omrin-direkteur Ton Doppenberg ferskine foar de kommisje dy't ûndersyk docht nei de Noard-Súd-metroline. Alle dagen wurde dizze wike belutsenen heard oer de beslútfoarming en it ynsjoch yn 'e risiko's fan it nije metrospoar.

Doppenberg wie yn 1998 en 1999 tsien moanne lang projektdirekteur. Freed ferskynt de Ljouwerter âld-boargemaster Geert Dales, foarhinne wethâlder yn Amsterdam, foar de kommisje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)