Nuver reisadvys yn haven Harns

Rederij Doeksen yn Harns sei lest te hawwen fan in man dy't op de terminal reizgers misliedende ynformaasje jout oer de fertrektiden fan de fearboaten. Dat hat al ferskate kearen laat ta problemen. It is al foarkaam dat minsken op de ferkearde boat stapten, of dat de fearboat fertraging oprûn omdat minsken nei de terminal fan de konkurrint EVT trochferwiisd waarden.
Doeksen hat no plakkaten ophongen yn de fertrekhal mei in warskôging om net nei de man te harkjen.