Kat deasketten yn Oentsjerk

14 sep 2009 - 11:53

Yn Oentsjerk is kat Vlieg fan famylje Oosterwijk deasketten mei twa kûgels út in buks. De kat waard sneon swier ferwûne en mei in ferlamme achterliif oantroffen yn 'e boskjes. Earst tocht de famylje oan in oanriding, mar by de bistedokter die bliken dat de kat twa kear besketten wie.

De kûgels sieten yn 'e rêch en it longweefsel fan de kat. It bistje ferstoar noch deselde dei. Neffens de famylje moat it immen út de buert wêst ha. Der is oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)