Soad wurk oan diken Ljouwert

14 sep 2009 - 11:36

Yn Ljouwert wurde de kommende wiken tal fan krúspunten en diken ôfsletten foar asfaltûnderhâld. Sa sil takom wykein it Vrijheidsplein ticht wêze foar ferkear omdat der nij asfalt oanbrocht wurdt. En fan nije wike moandei ôf is de Canterlandsewei by Wyns ôfsluten.

Ek de Wergeasterdyk, it fytspaad lâns de Oerisselsestrjitwei en ferskate diken yn de stêd lykas de Peter Stuyvesantwei en de Holstmeerwei krije nij asfalt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)