Kafeeruten Minnertsgea stikken

© Omrop Fryslân
Yn man (46) stie sneintejûn op de ruten fan in horekagebou yn Minnertsgea te bonken. Nei in petear mei de plysje sei de man dat er op bêd soe. Mar noch gjin oere letter krigen aginten de melding dat er dochs wat te rêden wie. By itselde gebou bliken doe alle ruten ynslein te wêzen.
De plysje gie dêrop nei it hûs fan de man ta. Hy waard oanhâlden en meinaam nei it buro. Al yn 'e plysje-auto joech de man ta dat hy de ruten mei in hammer stikken slein hie.