Heler oanhâlden yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei op de Twibaksmerk yn Ljouwert in Ljouwerter (45) oanholden foar heling. In tsjûge hie sjoen dat de man in autoradio ferkeapje woe oan foarbygongers. Oer 112 waard de plysje warskôge. Dy trof de fertochte eefkes letter oan.
De autoradio hie er net by him, wol allerhanne ynbrekkersark. Nei ûndersyk die bliken dat de Ljouwerter de autoradio nei in winkel op de Tunen brocht hie. De radio waard dêr yn beslach nommen.