Wer winst partoer Van der Bos

Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger ha snein yn Marsum de lêste frije formaasjepartij fan it seizoen wûn. Yn de finale waard it trio Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra mei 5-3 en 6-6 ferslein. It wie de njoggende winst op 22 frije formaasjepartijen foar it partoer Van der Bos.
Achterynse Daniël Iseger is no definityf winner wurden fan it punteklassemint 2009. Iseger hat np 60 punten.