Post besoarge mei ierdgasauto

14 sep 2009 - 06:19

TNT Post rydt fan moandei ôf mei ierdgasauto's troch de provinsje. Lanlik sil it bedriuw 52 auto's en buskes op de duorsume brânstof ynsette. Alve dêrfan ride yn Fryslân. TNT Post set bot yn op Fryslân, omdat hjir nei ferhâlding in soad ierdgas-tankstasjons binne.

It post- en ekspresbedriuw wol op termyn alle auto's op duorsume brânstof ride litte. Op Skylge wol TNT de post besoargje mei elekryske auto's en brommers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)