Weening snein 39ste yn Vuelta

Pieter Weening
Pieter Weening is snein op it 39ste plak einige yn de fjirtjinde Vuelta etappe nei Sierra de la Pandera. Weening einige njoggen minuten en alve tellen efter de deiwinner, de Italiaan Cunego. Yn dizze etappe moast it peloton oer twa bergen fan de twadde en de tredde kategory.
De finish lei boppe op de Sierra de la Pandera fan 1840 meter. Nederlanner Gesing hâldt syn twadde plak yn it klassemint. Yn de etappe fan moandei moat it peloton fan Jaén nei Córdoba.