Snits WS wint fan Be Quick

13 sep 2009 - 16:21

Snits Wyt Swart hat snein de earste oerwinning behelle yn de haadklasse C. De Snitsers wûnen mei 2-1 fan Be Quick 1887 út it Grinzer Haren. Age Hains Boersma skoarde yn de 73ste minút it earste Fryske doelpunt. It stie doe al 0-1 troch in frije traap fan Martijn Bosman. Mei noch fiif minuten op de klok skoarde Klaas Schotanus de 2-1 foar Snits WS.

Snits Wyt Swart hat no trije punten út twa wedstriden en moat takom wike tsjin HSC '21 út Haaksbergen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)