Motorriders ferwûne

© Omrop Fryslân
Yn Akkrum is sneon in motorrider (29) út Oranjewâld ferwûne rekke. Op de Nije Boarnsterdyk joech in 19-jierrige autorider út Alde Leie de motorrider gjin foarrang wêrtroch't dy yn de berm bedarre. Mei ferwûnings oan hân en knibbel is er nei it sikehûs brocht.
In 42-jierrige motorrider út Boerakker rekke sneon ferwûne yn Boalsert. De man waard kjel om't er gjin foarrang krige fan in auto op de rotonde. Troch de skrikreaksje gie er ûnderút. Hy gie foar kontrôle nei it sikehûs.