Frou ferdronken op Skylge

13 sep 2009 - 15:21

In frou fan 63 jier út Delft is sneon by Midslân oan See ferdronken. De frou wie mei in pear freondinnen nei it Noardseestrân gien. Yn see rekke se yn de problemen. Troch omstanners waard se út it wetter helle en dy begûnen har fuortdalik te reanimearjen. Dat waard letter oernommen troch frijwilligers fan de KNRM.

Mei in ambulânse waard se nei West brocht. Nettsjinteande de ynset fan de helpferlieners en in dokter fan de traumahelikopter ferstoar de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)