Hiphoppers Sardinië nei Liet

13 sep 2009 - 14:06

Sjongfestival SunS foar taalminderheden út Italië, Switserlân en Eastenryk yn it Italjaanske Udine is sneontejûn wûn troch de Friulyske trûbadoer Lino Straulino. Troch it winnen fan SunS hat Straulino him automatysk kwalifisearre foar sjongfestival Liet Ynternasjonaal op sneon 31 oktober yn Ljouwert.

Itselde jildt foar hiphopselskip Dr. Drer & Crc Posse ut Cagliari, de haadsted fan Sardinië. Alle dielnimmers binne no bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)