Martin Ketellapper wint 100 km

13 sep 2009 - 13:27
  • Atleet Martin Ketellapper

Atleet Martin Ketellapper hat sneon yn Winschoten de Nederlânske titel op de 100 kilometer wûn. De 35-jierrige Ljouwerter rûn dy rekôrôfstân yn in tiid fan sân oeren, 32 minuten en 35 tellen. Ketellapper wie fierwei de bêste Nederlanner, de nûmer twa einige 59 minuten achter de Ljouwerter.

Yn de ynternasjonale wedstriid einige Ketellapper op it fjirde plak, achter in Poal, in Amerikaan en in Tsjech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)