Brânwûnen troch fervebrâner
In 41-jierrige man fan De Gordyk hat sneon brânwûnen oprûn by it ferwiderjen fan ûnkrûd mei in fervebrâner. Troch noch ûnbekende oarsaak ûntstie brân wêrby't de klean fan de man ek yn 'e brân fleagen.
Neist in ambulânse kaam ek in traumahelikopter derby. It slachtoffer is nei in sikehûs yn Grins oerbrocht.