Vrouwen in Zaken set út ein

13 sep 2009 - 12:55

It ûndernimmersnetwurk Vrouwen in Zaken begjint takom moanne mei syn aktiviteiten. It netwurk is benammen bedoeld foar froulju yn Smellingerlân en Tytsjerksteradiel, mar ek froulju út omlizzende gemeenten binne wolkom. It giet dan om froulju mei in eigen bedriuw of frije beropsbeoefenders.

It netwurk wol mei byienkomsten de gearwurking tusken de froulike ûndernimmers ferbetterje. Doel is alle jierren fiif byienkomsten te organisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)