Minder treinen Ljouwert-Zwolle

13 sep 2009 - 08:33

Der ride snein minder treinen tusken Ljouwert en Zwolle. Dat komt omdat der oan it stik spoar wurke wurdt. Reizgers moatte rekken hâlde mei in fertraging fan sa'n fyftjin minuten.

Ek op de diken moat snein noch rekken hâlden wurde mei fertraging fanwege wurksumheden. Sawol de A32 fan It Hearrenfean nei Ljouwert en de trochgeande dyk fan De Lemmer nei Snits binne ôfsletten. Yn beide gefallen is de oare rydbaan wol beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)