Dirk Fabriek tredde yn WK

12 sep 2009 - 23:37

Dirk Fabriek is sneontejûn yn it Dútske Vechta tredde wurden yn de einstân fan it wrâldkampioenskip gersbaan. Yn Vechta waard de fiifde en lêste wedstriid ferriden. De winst wie foar Gerd Riss, dy't al wis wie fan syn achtste wrâldtitel. Fabriek waard fiifde.

Achter Riss waard de Frânsman Stephane Tresarrieu twadde yn de einstân, Dirk Fabriek tredde en Theo Pijper sechsde. Jannick de Jong kaam troch in blessuere net yn aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)