Harkemase Boys wint mei 1-0

12 sep 2009 - 17:51

Haadklasser Harkemase Boys hat sneon mei 1-0 fan CSV Apeldoorn wûn. It wie de earste oerwinning foar de Boys, omdat ferline wike by de start fan it seizoen ferlern waard.

Martijn Barto skoarde yn de twadde helte it doelpunt. Lang spile Harkemase Boys mei tsien man, omdat foar de tee Jelmer Slager twa kear giel en dus read krige. Takom wike spilet de ploech fan trainer Henk de Jong tsjin Excelsior '31, dat boppeoan stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)