Rekreaasjeplak Wânswert iepene

12 sep 2009 - 16:32

It doarpke Wânswert is grutsk op it nije rekreaasjeterrein De Kamp. Sneontmiddei wie de offisjele iepening. De opknapbeurt soe al yn 2008 begjinne. Mar fanwege argeologysk ûndersyk binne de wurksumheden pas dizze maityd út ein set.

Sa is de haven oanpast mei ûnder oare in kanofoarsjenning, ferljochting en kuierpaden. Fierder is der in boarterstún realisearre, dêr't de bern sûnt dizze simmer al gebrûk fan meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)