Skoaltelevyzje-feest by omrop

12 sep 2009 - 16:21

It wie sneon feest by Omrop Fryslân, fanwege de 2500e útstjoering fan skoalradio- en televyzje. Dêrom wiene der ferskate aktiviteiten, dêr't sa'n hûndert bern op ôfkamen.

Sa wie der in puzzeltocht oer de redaksje, koene bern op de stoel fan de presintator sitte en wie der in spesjale workshop fan Sipke Jan Bousema. Omrop Fryslân makket sûnt 1971 radio- en televyzjeprogramma's foar skoalbern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)